Doarpsenerzjy Weidum is in inisjatyf fan ferieniging It Nut Weidum. It is in selsstannige koöperaasje mei in eigen bestjoer.
Doarpsenerzjy:
Stroom en gas
Fia de koöperaasje kinne de ynwenners fan Weidum duorseme stroom en sertifisearre gas ôfnimme fan de enerzjymaatskippij Energie VanOns. De stroom is de grienste stroom dy’t yn Nederlân beskikber is, “sjoemelstroom” wurdt net oanbean. Mear witte?
Sinnepanielen
Op in pikestâl fan Fam. Boersma hat de koöperaasje 220 sinnepanelen lein en alle ynwenners fan Weidum en omkriten kinne een sertifikaat oanskaffe en meidiele yn de opbringst. Wa’t stroom of gas ôfnimt of sertifikaten hat yn it sinnepanelen-projekt is automatysk lid fan de koöperaasje. Mear witte?
Enerzjy besparje
De koöperaasje biedt help oan by beheinen fan it stroom- of gasferbrûk. Alle Weidumers kinne fergees gebrûk meitsje fan in enerzjycoach foar in ‘quick scan’. Wa’t fierder gean wol en syn hûs ûndersykje litte wol kin foar de helt fan de priis in enerzjyadfiseur komme litte.
Foar de quick scan of it enerzjyadfys hoege jo net lid te wêzen fan de koöperaasje. Mear witte?
Op de energiebespaarmarkt van 29 september kun je kennismaken met tal van producten. Diverse leveranciers hebben hun medewerking al toegezegd. Zo is Expert aanwezig om inductie koken toe te lichten. De firma Rensa laat infraroo...
De Jiergearkomste is net trochgien yn 2021, mar dit jier kin it wer wêze. Alle leden binne op 9 juni 2022 fan herte wolkom yn it doarpshûs, mar ek ynwenners dy’t gjin lid binne mar wol ynteressearre binne yn d...
De koopkracht van Nederlanders staat al langer onder druk door de stijgende energieprijzen en aanhoudende inflatie. De verschrikkelijke oorlog in Oekraïne komt daar nu bovenop. Miljoenen mensen moeten huis en haard verlate...
Troch alle ûnwissichheid op de enerzjymerk is it op dit momint net mooglik om oer te stappen fan enerzjyleveransier. Ek ús eigen enerzjyleveransier Energie VanOns hat syn webside slúten foar nije klant...