Pluktún is iepen!

1 july 25

De pluktún efter de tsjerke is fanôf 1 july iepen. Hjir kist biologysk kweekte blommen plukke.

De pluktún is in inysjatyf fan Doarpsenerzy Weidum. As koöperaasje hâlde we ús net allinnich dwaande mei enerzjy, mar sette we ús ek op oare wizen yn foar in duorsume takomst. Blommen dy 't je yn 'e winkel keapje, binne bepaald net miljeufreonlik (kweekt mei in soad pestisiden, yn kassen of ynflein út Afrika). Moai dat je tichtby hûs in ferantwurd boskje blommen plukke kinne. Mei de gemeente koene we in oerienkomst slute om in stikje grûn yn brûklien te krijen. Yn 2025 binne we fan start gien mei ienjierrigen. Blykt der genoch animo dan sette we hjirnei graach troch, ek mei fêste planten. 

Op 'e tún fine je in boerd mei ynformaasje oer prizen en wize fan beteljen.